Cambuur wint fan AGOVV

06 nov 2004 - 00:00

Cambuur wûn freedtejûn mei 2-1 fan AGOVV út Apeldoorn. De Ljouwerter goals kamen op namme fan Jamal Akachar (syn earste dit seizoen) en Dominique van Dijk. Cambuur spile folle better, krige ek mear kânsen, mar it bleau by in 2-1 oerwinning.

De nije lieder yn de Gouden Gids-divyzje is FC Dordrecht mei 27 punten út 12 wedstriden. Cambuur klimt trije plakken en stiet no 14e mei 13 punten út 13 wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)