Cambuur wint en test spiler

08 maaie 2008 - 21:56

Sportclub_Cambuur hat tongersdeitejûn de oefenwedstriid tsjin Berltsum wûn mei 6-0. De goals waarden makke troch Marinus_Dijkhuizen (3), Koen_Brack, Necmettin_Imac en Manu_Francisco.

Ferdigener Akwasi_Oduro spile ek mei by de Ljouwerters. Dizze Ganees mei in Belgysk paspoart is op dit stuit op proef by Cambuur. As hy goed foldocht kin hy transferfrij oernaam wurde fan KSK Beveren út de Belgyske twadde klasse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)