Cambuur wint benefytwedstryd

01 mrt 2006 - 00:00

In benefytwedstryd tusken Cambuur Ljouwert en in Molukse seleksje hat tiisdei 20.000 euro opsmiten. It jild is bedoeld foar it opsetten fan in bernetehûs op Noard-Sulawesi yn Yndonesië. De stifting Wilde Ganzen docht dêr nochris in flink bedrach by.

Meiïnoar is der 40.000 euro nedich foar it hûs. Foar de rest fan it jild wurdt in berop dien op it bedriuwslibben. Cambuur wûn de wedstryd mei 4-2.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)