Cambuur wint 1ste thúswedstriid

21 aug 2004 - 00:00

Cambuur hat de earste thúswedstriid fan dit seizoen freed mei 1-0 fan Top Oss wûn. Dêrmei waard de útglider fan 4-0 ferlies tsjin Volendam ôfrûne snein wer goedmakke. Cambuur spile goed en krige tal fan kânsen. Mar allinnich Dominique van Dijk wist yn de 51ste minút raak te sjitten.

De nije spits Thijs Houwing spile in goeie wedstriid, mar kaam noch net ta scoaren. Datselde jilde foar rjochtsbûten Ruben Schaken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)