Cambuur: 'Wedstriid skrasse'

03 feb 2012 - 11:52

By Sportklup Cambuur is eltsenien it der oer iens: de wedstriid tsjin Dordrecht kin sneon net trochgean. De seleksje trainde freed in heal oere yn it Cambuurstadion, mar it fjild is ûnbespylber. Troch de froast is it bikkelhurd en troch de snie ek nochris sjippeglêd.

'Hier heeft niemand wat aan. Wij niet, supporters niet, niemand niet', is it dúdlike kommentaar fan oanfierder Sandor van der Heide. Ek trainer Alfons Arts trúnt der op oan by fuotbalbûn KNVB om de wedstriid sa fluch mooglik te skrassen.

Mocht der dochs spylje wurde moatte, dan kin Cambuur net beskikke oer Erik Bakker, Marco Bizot, Oguzhan Türk, Robert van Boxel en Bob Schepers. Alle fiif spilers binne blessearre. Boppedat is Mohamed El Makrini skorst nei oanlieding fan syn reade kaart (twa kear giel) tsjin FC Oss.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)