Cambuur wachtet topper

14 mrt 2013 - 13:59
  • SC Cambuur

Cambuur spilet freedtejûn de thúswedstriid tsjin Helmond Sport. In topper. Helmond Sport stiet op it tredde plak, mei 45 punten út 25 wedstriden. Cambuur is sechde mei 38 út 22. By winst bliuwe de Ljouwerters yn de race foar de topposysjes. By Cambuur komme Martijn van der Laan en Adnane Tigadhouini net yn aksje. Van der Laan hat in skouderblessuere. Tigadhouini hat lêst fan it ankel.

Mart Dijkstra is wer werom, nei in skorsing. Marco van der Heide is al langer blessearre. Foar de rest is de seleksje fit.

Opstelling Cambuur: Telgenkamp, Droste, Dijkstra, Bakens, Bijker; Rose, Bakker, El Makrini; De Leeuw, Hemmen, Schokker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)