Cambuur wachtet topper

25 okt 2012 - 12:47
  • SC Cambuur

Cambuur spilet freed yn eigen hûs de topper tsjin koprinner MVV Maastricht. De Ljouwerters moatte winne om yn it spoar fan de top te bliuwen. Tim Bakens is der freed net by. Hy is skorst nei syn reade kaart ferline wike tsjin FC Den Bosch. Youri Rose liket in basisplak te krijen. Dat soe ten koste gean fan Tim Keurntjes. Leon Broekhof liket de logyske ferfanger fan Bakens, mar ek Alim Öztürk kin yn it sintrum fan de ferdigening spylje.

Trainer Alfons Arts woe de opstelling noch net bekend meitsje omdat de spilers dy ek noch net witte.

Martijn van der Laan sit net by de seleksje. Hy leit mei gryp op bêd. Ek tredde keeper Rodney Ubbergen sit fanwege in blessuere net by de seleksje. Cambuur spilet nei alle gedachten mei de folgjende basis: Telgenkamp, Droste, Dijkstra, Broekhof, Vosselman; Rose, El Makrini en Bakker; De Leeuw, Hemmen, Schokker.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)