Cambuur-Veendam net dit wykein

09 feb 2013 - 10:58

De wedstriid Cambuur-Veendam wurdt dit wykein net ynhelle. Der wedstriid koe freed net spile wurde troch de snie en de KNVB woe de wedstriid dêrom snein of moandei opnij spylje litte. Omdat de waarsferwachting net goed is, wurdt dêr no dochs fan ôfsjoen. Wannear't de wedstriid wol spile wurdt, is noch net dúdlik.

De ôfseine wedstriid kostet Cambuur wol tsientûzen euro oan kosten dy't al makke binne foar tariedings en personiel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)