Cambuur - Veendam: 0-0

24 apr 2004 - 00:00

Nei in hiele matige wedstriid Cambuur - Veendam bleau it freed 0-0. Foar de beide ploegen stie der neat mear op it spul, beide binne al útspile. Cambuur hie yn dizze wedstriid noch de bêste kânsen.

In skot fan Miikka Ilo kaam tsjin de latte. Dat barde healwei de twadde helte. Krekt foar tiid waard nei in ynset fan Jan Bruin, de bal troch eks-Hearrenfeanspiler Angelo Sijntje fan de line helle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)