Cambuur: V/d Laan fraachteken

10 mrt 2013 - 12:31
  • Alfons Arts

It is net dúdlik oft Martijn van der Laan moandei meidwaan kin by Cambuur tsjin Emmen. De ferdigener foel ôfrûne freed tsjin Telstar út mei in blessuere oan de skouderbonke. 'Er is niks kapot, maar hij heeft wel pijn. Als het verantwoord is zal hij spelen, anders niet', seit trainer Alfons Arts.

It meidwaan Yuri Rose is ek ûnwis, de middenfjilder is siik. Emmen-Cambuur waard al twa kear ôflast en de fraach is oft it moandei wol trochgiet. Yn Emmen is behoarlik wat snie fallen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)