Cambuur: útstel fan betelling?

03 apr 2006 - 14:14

De kâns is grut dat fuotbalklub Cambuur dizze wike surséânse fan betelling oanfreget. De klub docht dat om ek de lêste skuldeaskers oer te heljen om akkoart te gean mei it rêdingsplan. Dat seit direkteur Harjan van Dam.

Goed tsien skuldeaskers binne noch net akkoart mei it foarstel fan de klub om mar 20% fan de skuld werom te beteljen. Ien fan de skuldeaskers soe de heit fan âld-spiler Schuiteman wêze, dy't noch fiif euroton fan Cambuur tegoede hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)