Cambuur ûnderút tsjin Top Oss

11 feb 2006 - 00:00

Cambuur hat freedtejûn mei 1-0 ferlern fan Top Oss. Cambuur besocht it wol in pear kear yn dizze wedstriid, mar wist net te oertsjûgjen. Reginald Faria skoarde yn de earste helte fan de wedstriid foar Top Oss.

Cambuur krige foar rêst twa kânsen, mar wist net ta skoaren te kommen. Nei rêst kamen noch twa kânskes foar Tim Nijssen en Koen Brack, mar dy rûnen ek op neat út. Cambuur spile fierder net goed.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)