Cambuur ûnderút tsjin Dordrecht

08 mrt 2003 - 00:00

Cambuur Ljouwert ferlear freedtejûn yn eigen stadion mei 0-1 fan FC Dordrecht, de nûmer 17 fan 'e Gouden Gids Divisie. De goal foel al yn 'e achste minút en waard makke troch Boogers. De 3685 taskôgers seagen dat Cambuur-spilers Bölstler, Van Dijk en Hupkes in giele kaart krigen.

Troch it ferlies tsjin Dordrecht is it seizoen foar Cambuur no sa goed as oer, of der soe noch in oplibbing komme moatte yn 'e lêste perioade.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)