Cambuur: ûndersyk net objektyf

21 maaie 2014 - 12:32
  • De ME moast hurd yngripe

It ûndersyk fan 'e gemeente Amsterdam nei de rellen tusken Ajax en Cambuur is net objektyf. Dat seit Cambuurdirekteur Gerald van den Belt. Op basis fan it ûndersyk hat Amsterdam no wol de kar makke om de wedstryd tenei as risikowedstryd oan te merken.

Van den Belt wachtet leaver op it ûnofhinklike ûndersyk dat no útfierd wurdt. Heal juny wurdt dat presinteard. Cambuur en Ajax sille noch meielkoar om tafel, se beprate dan ek wa't no wat oan skea betelje moat.

Cambuursupporters ha guod fernield yn it Arena-stadion. Cambuur hat op syn beurt de kaartsjes foar de Cambuursupporters fergoede.

De gemeente Amsterdam hat in rapport opsteld oer de wedstriid Ajax-Cambuur fan begjin maart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)