Cambuur ûnder tafersjoch KNVB

03 nov 2005 - 00:00

De KNVB ferplichtet Cambuur om sa gau mooglik in plan fan oanpak te presintearjen foar de grutte finansjele problemen. Yn de praktyk komt dat derop del dat Cambuur ûnder tafersjoch fan de KNVB stiet.

As it plan goedkard wurdt, sil de útfiering skerp yn de gaten hâlden wurde troch de KNVB. Der driigje sanksjes lykas it ferminderjen fan punten oant en mei úteinlik it ynlûken fan de lisinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)