Cambuur tsjin Moluks alvetal

19 okt 2005 - 00:00

SC Cambuur spilet op 13 desimber in benefytwedstryd tsjin Molukse profspilers. De opbringst giet nei de stichting 'Kinderen van Amurang'. Yn dat plak op it eilân Sulawesi yn Yndonesië sil in skoalle, in biblioteek en oare fasiliteiten boud wurde.

It Molukse team stiet ûnder lieding fan Simon Tahamata, Sonny Silooy en Bart Latuheru. Ien fan de spilers is Danny Landzaat, alteast as er tiid meitsje kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)