Cambuur troch nei tredde ronde

24 sep 2003 - 00:00

It is Cambuur slagge om de tredde ronde fan de Amstelcup te berikken. De Ljouwerters moasten tiisdeitejûn út tsjin Haarlem spylje en wûnen mei 2-1.

Foar de Ljouwerters is de oerwinning in wolkom geskink. Yn de kompetysje wurdt net goed prestearre. Cambuur stiet op it 15e plak. De beide goals yn Haarlem waarden makke troch Dominique van Dijk. Willems makke it doelpunt foar de thúsploech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)