Cambuur traint wer

05 jul 2004 - 00:00

Cambuur hold moandei syn earste trening fan it nije seizoen. Der wie aardich wat publyk, dat in tal nije spilers seach: René van Rijswijk, Peter van der Vlag, Ronny Venema, Thijs Houwing, Koen Brack, Jamal Akachar en Mitchel Piqué.

Ek de Sweed Daniel Luketa mei it dit seizoen wer besykje by de Ljouwerters. Cambuur ferwachtet dit seizoen wer in posysje yn de top fan de Gouden Gids divyzje. Freed spilet de club syn earste oefenwedstriid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)