Cambuur traint op keunstgers

12 jul 2013 - 15:26
  • SC Cambuur

Cambuur hat freed foar it earst traind op it nije keunstgers. Dat koe om't it bedriuw dat de gersmatte leveret in wike earder klear is mei de wurksumheden yn it Cambuur-stadion. De keunstgersmatte bestiet út in laach mei koarkkorrels mei dêrûnder in dimpende laach fan rubber. De bal glidet noch wat mear troch as dat er rôlet. De measte spilers wiene nei ôfrin fan de traning posityf oer it nije gers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)