Cambuur traint op Antillen

02 des 2003 - 00:00

SC Cambuur giet yn de winterstop op trainingskamp nei de Antillen. Yn jannewaris sit de seleksje in wike yn Willemstad. De Ljouwerters dogge mei oan in toernoai dêr't ek de Antilliaanse en Surinaamske nasjonale seleksjes oan meidogge.

De kontakten tusken Cambuur en de Antillen binne ta stân kommen fia spiler Rocky Siberie. Hy komt fan de Antillen en spilet by Cambuur yn it twadde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)