Cambuur traint by Aldehou

15 sep 2013 - 09:31
  • Cambuurspilers traine bij de Aldehou

De spilers fan Cambuur dogge de útrintraining snein net op it eigen fjild, mar op it tydlike keatsterrein op it Aldehouster tsjerkhôf yn Ljouwert. Dat fjild leit dêr fanwege de hûndertste Aldehoupartij dy't sneon ferkeatst is. Cambuur hie tasein dat, as de ploech sneontejûn winne soe fan Heracles, de spilers dan sneintemoarn traine soene ûnder de Aldehou.

Cambuur fersloech Heracles mei 2-0. De klup stiet no op it njoggende plak yn de earedivyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)