Cambuur-trainer ferrast grutte fan yn it ferpleechhûs

18 des 2015 - 17:16

Al in pear jier hat se net mear yn it stadion west, frou Postma. It kin net mear. Se is al 87. En se hie noch ien grutte winsk. Se woe trainer Henk de Jong sa graach noch in kear sjen. Sels hat se der net om frege, mar in ferpleechster út it ferpleechhûs dêr't se wennet, benadere de klup. En freedtemiddei hat de trainer by har west. Mei in presintsje: in Cambuurshirt mei hantekenings fan alle spilers. Spesjaal foar har.

Frou Postma libbe hielendal op doe't Henk de Jong har keamer yn kaam. It wie in enerzjyboost. Se fûn it prachtich. De trainer bleau tweintich minuten by har. En dat wienen minuten om nea te ferjitten. It praten giet har net sa goed mear ôf, mar se hat it dochs noch even mei de trainer hân oer de skiednis fan de klup. En ek oer de takomst fansels.

Tachtich jier lyn wie frou Postma al grut fan fan de Ljouwerter fuotballers. Se wie doe sân jier âld. Cambuur bestie noch net, se gong mei heit altyd al nei de wedstriden fan VV Leeuwarden. Se hat jierren op de tribune sitten. En no't se net mear nei it stadion kin, folget se de wedstriden fan Cambuur op televyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)