Cambuur toant striid

06 mrt 2004 - 00:00

Cambuur hat thús mei 3-3 gelyk spile tsjin Stormvogels/Telstar. De Ljouwerters stienen earst mei 0-3 achter, mar fochten har werom nei 3-3. Foar rêst skoarde Ibad Muhamadu, nei it skoft makke Jan Bruin noch twa doelpunten. Yn de kompetysje hat de spits mei elkoar njoggen kear skoard.

De ploech fan trainer Dick de Boer wol ek yn de fjirde perioade, dy't 19 maart begjint, striid yn har spul sjen litte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)