Cambuur test 2 spilers

10 sep 2007 - 16:26

Cambuur test sûnt moandei twa bûtenlânske spilers. It giet om de 20-jierrige Nigeriaanske oanfaller Kasali Yinka Casal en de 24-jierrige Braziliaan Luizinho Pontes Ribeiro.

Casal spile dit seizoen yn Amearika by DC United yn Washington. Hy hat him dêr frijkocht om it him net foldie. Luizinho hat al ferskillende clubs yn Nederlân hân. Hy spile earder foar De Graafschap, Grins en VVV Venlo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)