Cambuur - Telstar: 0-2

22 sep 2004 - 00:00

Cambuur is tiisdei yn 'e twadde ronde fan it bekertoernoai útskeakele. Cambuur ferlear yn eigen hûs mei 0 - 2 fan Stormvogels Telstar. Cambuur spile troch in grut ta blessearren yn in fantasy-opstelling, mar koe oant de rêst achteryn de nul fêsthâlde.

Telstar kaam in kertier nei rêst op 0-1 fia Sjaak Lettinga. Yn 'e lêste minút skoarde André de Ridder noch 0-2. Spits Houwing miste foar Cambuur in pear moaie kânsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)