Cambuur teloarstellend 2-2

11 feb 2001 - 00:00

Cambuur kaam sneon yn Ljouwert tsjin Veendam net fierder as in gelykspul: 2-2. Cambuur joech de wedstriid yn de earste helte út hannen. Twa ferdigeningsfouten leveren Veendam twa goals op, fan Klinker en Tvetkov.

Yn de twadde helte klauteren de Ljouwerters wer by de wâl op. Jan Bruin naam it plak yn fan Peter de Roo. De Freitas skoarde 1-2 en Mischa Rook 2-2.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)