Cambuur tefreden mei NAC Breda

27 sep 2013 - 11:15
  • SC Cambuur

Cambuur is tefreden mei NAC as tsjinstanner yn de tredde ronde fan it KNVB-bekertoernoai. De Ljouwerters spylje thús tsjin de earedivisionist út Breda. Cambuur debutearre op 4 augustus dit jier yn de earedivisie ek al mei in thúswedstriid tsjin NAC Breda. Doe waard it 0-0. Hoewol't hope wie op in amateurklup of in echte topklup as tsjinstanner, binne sawol de direksje as de technyske stêf tefreden mei de kommende bekertsjinstanner.

De tredde ronde fan it KNVB-bekertoernoai wurdt spile op 29, 30 en 31 oktober.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)