Cambuur tefreden mei lotting

26 sep 2014 - 13:17
  • SC Cambuur

Cambuur is tefreden mei de lotting foar de tredde ronde fan it bekertoernoai. De Ljouwerters treffe yn eigen stadion topklasser Scheveningen. Cambuur direkteur Van den Belt en trainer Henk de Jong toanden harren tefreden mei dizze lotting. Van Belt fynt wol dat Scheveningen fan de mogelike "swakkere" tsjinstanners de sterkste is. Scheveningen fuotballet yn de top fan de topklasse mei en de klup hat in behoarlik tal spilers mei in ferline yn it betelle fuotbal. De tredde bekerronde wurdt op 28, 29 en 30 oktober spile.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)