Cambuur-supporters yn aksje

20 mrt 2003 - 00:00

De maat is fol foar de supporters fan Cambuur. De prestaasjes binne ûnder de maat, de sfear is min en boppedat is it kontrakt fan mister Cambuur Johan Abma net ferlingd. Yn in brief oan trainer en spilers skriuwe de supporters dat it oars moat. By de wedstriid tsjin MVV fan no freed komt in spandoek yn it stadion mei de tekst: 'De maat is vol! Het stadion straks leeg?'

Tongersdei praat de supportersklub mei it bestjoer fan Cambuur.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)