Cambuur 'supporters' de sel yn

01 jul 2014 - 11:36
  • De supporters fan SC Cambuur op it fjild.

It Iepenbier Ministearje hat moandei finzenisstaffen easke tsjin seis Cambuursupporters. Tsjin trije oare fertochten is in wurkstraf easke. De njoggen man wienen belutsen by de ûngeregeldheden by it Ljouwerter Cambuurstadion, nei de oerstap fan trener Dwight Lodeweges nei SC Hearrenfean.

Se bedrigen ûnder oare de trener. As heechste straf easke it Iepenbier Ministearje seis moanne sel, wêrfan trije ûnder betingst. Yn juny waard ek al in tal supporters feroardield ta selstaffen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)