Cambuur sûnder Wau en Beekmans

11 sep 2009 - 11:36

SC_Cambuur moat it freedtejûn yn de útwedstriid tsjin Fortuna Sittard dwaan sûnder Paul_Beekmans en Nuelson_Wau. Beide spilers ha in blessuere. Trainer Stanley_Menzo kin wol wer in berop dwaan op Ruud_ter_Heide en Léon_Hese. Beide spilers ha har skorsing derop sitten.

SC_Cambuur is de nûmer fjouwer mei tolve punten. De ploech hat dit seizoen noch net ferlern (trije kear winst en trije kear lyk). Fortuna_Sittard is santjinde mei fiif punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)