Cambuur sûnder Rose en Bakens

02 feb 2013 - 12:59

Sportklup Cambuur moat it snein tsjin Sparta opnimme sûnder de blessearren Yuri Rose en Tim Bakens. Ek Mark Diemers en Marco van der Heide binne troch blessueres net beskikber. De wedstriid tsjin Sparta is foar Cambuur de earste nei de winterstop. De wedstriden fan de lêste wiken waarden hieltyd ôflast, mar trainer Alfons Arts is bliid dat syn ploech no wer los kin.

Sparta-Cambuur is in echte topper. De Rotterdammers stean tredde, de Ljouwerters fjirde. Earder dit seizoen wûn Cambuur thús mei 3-2 fan Sparta.

Opstelling: Telgenkamp, Droste, V/d Laan, Dijkstra, Bijker, El Makrini, Bakker, Keurntjes, De Leeuw, Hemmen en Tighadouini.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)