Cambuur: "Steward mei sukses operearre"

31 jan 2016 - 08:16

De 21-jierrige steward fan Cambuur, dy't sneon ferwûne rekke troch swier fjoerwurk dat op it fjild smiten wie, is mei sukses opereard oan har ankel. Dat meldt Cambuur op syn twitteraccount. It soe nei omstannichheden goed mei har gean. It ynsidint barde sneon by de sfearaksje foar de lêste training foar de derby fan snein. Cambuur spilet snein yn it eigen stadion tsjin SC Hearrenfean.

De plysje hat sneontemiddei in ynwenner (31) fan de stêd oanhâlden. Dy hie himsels melden op it plysjeburo. Hy soe it fjoerwurk op it fjild smiten ha.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)