Cambuur stelt nije spilers foar

09 jul 2006 - 11:22

SC Cambuur stelde sneon op de iepen dei sân nije spilers foar oan it publyk. It giet ûnder oare om Jeroen Ketting, Berry Hoogeveen, Adnan Barakat en Ferdinand Katipani. De spilers kamen yn scooters it fjild op. De iepen dei luts 2500 man publyk.

Tongersdei tsjinnet it heger berop yn de surseânse fan betelling tjin de club. Fiif skuldeaskers gean net akkoart mei it foarstel dat se net mear as 20% weromkrije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)