Cambuur spilet sûnder Hemmen

02 maaie 2013 - 12:18
  • Cambuur, Volendam, Michiel Hemmen

Sportklup Cambuur spilet freed tsjin Excelsior sûnder topskutter Michiel Hemmen. De oanfaller begjint op de bank en Martijn Barto krijt de foarkar yn de spits. Neffens trainer Henk de Jong kin syn ploech dan better druk sette op de tsjinstanner. Yuri Rose komt werom fan in blessuere en spilet op it middenfjild. Dat jildt ek foar Mohamed El Makrini dy't weromkomt fan in skorsing.

Cambuur moat freed winne om kâns te hâlden op it kampioenskip. Konkurrint Volendam moat dan wol ferlieze fan Go Ahead Eagles.

Opstelling Cambuur: Nienhuis, Droste, Bakens, Van der Laan, Bijker, El Makrini, Bakker, Rose, Schokker, Barto en Tighadouini.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)