Cambuur spilet noch fjouwer finales

15 apr 2016 - 14:10
  • SC Cambuur

SC Cambuur spilet foar de kompetysje noch fjouwer finales. De earste is snein, út tsjin NEC yn Nijmegen. De lêste twa wedstriden koenen kwa spul foar in part besjen lije, mar it smiet te min punten op. En dy punten moatte der no wol komme.

Flak foar de winterstop wûn Cambuur thús mei 3-1 fan NEC. It wie de earste oerwinning fan it seizoen. Erik Bakker is snein skorst. Syn ferfanger is nei alle gedachten Tom Hiariej. Fierder liket Marcel Keizer neat te feroarjen yn de opstelling. De trainer hat de gewoante om gjin opstelling te jaan.

De mooglike opstelling fan Cambuur: Nienhuis; Vytas, Van der Laan, Lachman, Peersman; Hiariej, Byrne, Monteiro, Van de Streek; Hoefdraad, Barto.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)