Cambuur spilet lyk tsjin Ajax

09 sep 2014 - 17:04

Cambuur hat tiisdei mei 1-1 lykspile yn in besletten oefenwedstriid tsjin Ajax. De wedstriid waard spile op De Toekomst, it trainingskompleks fan de Amsterdammers. De Ljouwerters krigen yn de earste helte in pear goeie kânsen, mar it slagge net om te skoaren. Deryn wie Ajax wol súksesfol. Krekt foar it skoft sette Queensy Menig syn ploech op 1-0. Yn de slotminuten fan de twadde helte kaam Cambuur noch op likense hichte. Ut in strafskop skoarde Erik Bakker de 1-1.

Trije nije spilers krigen fan trener Henk de Jong de kâns om foar it earst yn it giel-blauwe shirt te spyljen. Donovan Slijngard, Daniël de Ridder en Sebastian Steblecki makken harren offisjeuze debút foar Cambuur. Snein spilet de ploech fan De Jong yn de kompetysje tsjin FC Grins.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)