Cambuur spilet lyk tsjin AGOVV

28 jan 2011 - 21:56

SC Cambuur en AGOVV ha de punten yn Apeldoorn dield: 3-3. De Ljouwerters spilen by flagen hiel aardich en mei besieling en striid. AGOVV kaam nei in goed healoere troch Jaimé Bruinier op foarsprong. Krekt foar it skoft makke Mark de Vries de lykmakker.

It wie opnij Bruinier dy't syn ploech op foarsprong sette. Sandor van der Heide en Bob Schepers soargen mei moaie doelpunten foar de fertsjinne Cambuur foarsprong. De AGOVV-goal fan Stanley Tailor wie dan ek in domper.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)