Cambuur spilet 5-1 tsjin ONS

15 sep 2004 - 00:00

Cambuur hat tiisdei in oefenwedstriid tsjin haadklasser ONS Snits mei 5-1 wûn. De stân by it skoft wie 2-1. Yn it eigen stadion iepene Jamar Akachar de skoare foar Cambuur. Sybolt Jellam makke dêrnei gelyk. Dêrnei kaam Cambuur foar troch in eigen doelpunt fan ONS.

Nei it skoft skoarden Henk van Steeg, Mika Ilo en Raymond Bronkhorst. De wedstriid wie pas om 10.15 oere ôfrûn. It spul waard yn de earste helte in healoere stillein fanwege swierwaar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)