Cambuur-Sparta: 1-1

26 apr 2003 - 00:00

De fans fan Cambuur wurde swier op 'e proef steld. Hoewol't der freed ien puntsje binnenhelle waard troch de 1-1 tsjin Sparta, wie it yn Ljouwert wer in minne wedstriid.

De earste 10 minuten krige Cambuur noch wol wat kânskes en makke Bischop yn de 6e minút 1-0. Ek Sparta makke der net folle fan. Hosé soarge yn de 26ste minút foar 1-1, mar dêrnei wie der net folle opwining mear te belibjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)