Cambuur snijt yn begrutting

03 apr 2002 - 00:00

Sportclub Cambuur snijt 400.000 euro op 'e begrutting. De klub giet it kommende seizoen yn mei in lytsere seleksje. Der wurdt ek snijd yn 'e trenersstêf. De begrutting foar it kommende seizoen berint no 3,2 miljoen euro.

Wa't krekt fuortgeane by de klub, woe it bestjoer woansdei noch net bekendmeitsje. Cambuur sil wer faker in berop dwaan op frijwilligers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)