Cambuur smyt opstelling om

08 nov 2012 - 13:01
  • SC Cambuur

Cambuur smyt de opstelling foar de thúswedstriid freed tsjin AGOVV Apeldoorn rigoereus om. Tim Bakens en Mohamed El Makrini komme werom yn de basis nei in skorsing. Michiel Hemmen begjint wer as spits. Hy is wer fit. Yn it sintrum fan de ferdigening moat Mart Dijkstra plak meitsje foar it jonge talint Alim Öztürk. Linksback wurdt Martijn van der Laan. Hy ferfangt Jonathan Vosselman. Erik Bakker makket op it middenfjild plak foar Mark Diemers. Cambuur ferlear de lêste trije kompetysjewedstriden op rige.

Om oansluting mei de top te hâlden moat der freed wûn wurde fan AGOVV Apeldoorn.
Opstelling Cambuur: Telgenkamp; Van der Laan, Bakens, Öztürk, Droste; Rose, El Makrini, Diemers; De Leeuw, Hemmen, Schokker.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)