Cambuur skerp foar MVV

04 maaie 2012 - 12:58
  • SC Cambuur

Skerp wêze en net tinke dat de twadde ronde fan de neikompetysje al yn de bûse sit. Dat is it útgongspunt fan Cambuur foar de twadde wedstriid tsjin MVV. De Ljouwerters begjinne dy twadde wedstriid tsjin de ploech út Maastricht sneon mei in 2-0 foarsprong. Fan ûnderskatting is gjin sprake sa seit trainer Alfons Arts. De Cambuur trainer hat de beskikking oer in hast folslein fitte seleksje. Allinnich Vincent Weijl en Sandor van der Heide ûntbrekke. Foar de wedstriid tsjin MVV rekkenet Cambuur op sa'n seistûzen taskôgers.

As Cambuur de twadde ronde hellet, dan is VVV Venlo kommende tongersdei de tsjinstanner. De ploech út Venlo einiget yn de earedivyzje op it 16e plak. Cambuur spilet dan earst thús. De útwedstriid tsjin VVV stiet foar snein 13 maaie op it programma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)