Cambuur siket noch fersterking

25 jul 2003 - 00:00

De seleksje fan Cambuur is noch net folslein. Op de parsedei fan Cambuur waard bekend dat de klub noch in pear ferdigeners siket. Foarsitter Wytze Adema hat likegoed ambisjeuze doelstellings foar it nije seizoen; hy rekkenet op neikompetysje.

Trainer Dick de Boer fynt dat de sportive ambysjes fan Adema te fier gean. De seleksje hat noch net genôch kwaliteit om út te gean fan it heljen fan neikompetysje, sa fynt De Boer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)