Cambuur rûn mei Oguzhan Türk

24 mrt 2009 - 13:20

Sportklup_Cambuur hat him foar takom seizoen fersterke mei Oguzhan_Türk. De middenfjilder spilet op dit stuit foar Go Ahead Eagles. Türk stiet noch ûnder kontrakt by SC_Hearrenfean, mar wurdt ferhierd oan de ploech út Deventer.

Ek twa oare spilers hawwe al in kontrakt tekene, mar direkteur Alex_Pama wol fan harren de nammen noch net bekend meitsje. Pama wol wol kwyt dat it talintfolle jongere spilers binne. De direkteur wol takom wike mear dúdlikheid jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)