Cambuur posityf oer Excelsior

28 sep 2007 - 15:28
  • Cambuur hat al sûnt jannewaris dit jier net ferlern op eigen fjild

Der wurdt by fuotbalclub Cambuur posityf reageerd op Excelsior as nije tsjinstanner yn it nasjonale bekertoernoai.

Cambuur spilet op 'e nij thús en hat al sûnt jannewaris fan dit jier net mear ferlern op eigen fjild. Tongersdei soarge de ploech fan trainer Jurrie Koolhof foar in stunt troch AZ mei 1-0 te ferslaan. De wedstryd tsjin Excelsior wurdt spile op 30 of 31 oktober of 1 novimber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)