Cambuur pakt wichtige punten

16 feb 2014 - 14:19
  • Martijn Barto

SC Cambuur hat snein trije wichtige punten pakt troch mei 3-1 te winnen fan PEC Zwolle. Op eigen fjild sette Marcel Ritzmaier de Ljouwerters al nei 9 minuten spyljen mei in prachtich lobke op foarsprong. Elvis Manu krige fuort dêrnei de bêste kâns op de 2-0, mar hy joech de bal ôf oan Jody Lukoki. Yn de 40e minút wie it Martijn Barto dy't Cambuur fertsjinne op 2-0 sette.

Fuort nei rêst liet Barto it Woanskip opnij troch it stadion gean mei syn twadde treffer. De slotnoat wie foar PEC Zwolle dat yn de 78e minút foar de earetreffer tekene.

Troch de oerwinning komt SC Cambuur op 26 punten út 24 wedstriden en klimt dêrmei fan it santjinde nei it fjirtjinde plak. It is de sânde oerwinning foar de Ljouwerters en boppedat de sânde thúsoerwinning.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)