Cambuur pakt punt tsjin NAC

04 aug 2013 - 14:26
  • Erik Bakker yn aksje tsjin NAC Breda
  • Ramon Leeuwin yn duel Joey Suk
  • Oebele Schokker spilet him frij fan Kenny van der Weg

SC Cambuur is de earste earedivyzjewedstriid snein útein set mei in 0-0 lykspul tsjin NAC Breda. Yn de earste helte wiene de gasten út Breda de boppelizzende partij. NAC-spiler Alex Schalk krige de bêste kâns op de 1-0, mar de latte brocht rêding foar de Ljouwerters.

Nei rêst sette Cambuur mear druk, wat resultearre yn in prachtkâns foar Martijn Barto. Benammen ynfaller Jody Lukoki soarge foar nije kriich by de Ljouwerters. Mei in ferwoestend skot like Lucas Bijker it Ljouwerter publyk yn ekstaze te bringen, mar syn pegel fleach njonken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)