Cambuur pakt earste winst 2012

02 mrt 2012 - 22:40

Sportklup Cambuur hat de earste oerwinning fan 2012 binnen. Nei sân wedstriden sûnder winst waard Volendam terjochte mei 4-1 ferslein. By it skoft stie it 1-0 troch in goal fan Melvin de Leeuw.

Krekt nei de rêst makke Achmed Ahahaoui 1-1, mar Cambuur sette him dêr fluch oerhinne. Troch prachtgoals fan Charles Dissels en Mark de Vries waard it 3-1. Yn de slotfaze bekroande Marco van der Heide syn debút (hy kaam troch in slepende ljiskblessuere noch net yn aksje) mei de 4-1. Cambuur komt moandei alwer yn aksje, dan tsjin konkurrint Dordrecht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)