Cambuur pakt belangrike punten tsjin Go Ahead Eagles

14 des 2014 - 10:27
  • SC Cambuur

Cambuur hat sneontejûn yn Deventer in belangrike 2-1 oerwinning boekt op Go Ahead Eagles. De Ljouwerters hienen de hiele wedstriid it bettere fan it spul. Yn de 28e minút waard de wedstriid iepenbrutsen troch in goal fan Martijn Barto. Tsien minuten letter moast keeper Leonard Nienhuis it fjild ferlitte mei in hamstringblessuere. Twadde keeper Harm Zeinstra naam syn plak yn.

Albert Rusnák besliste yn de 72e minút de wedstriid mei in fantastysk ôfstânsskot: 0-2. Yn de lêste sekonden makke Go Ahead út in frije traap der noch 1-2 fan.

Cambuur stiet no 7e, mei 23 punten út 16 wedstriden. Noch nea hellen de Ljouwerters yn earedivyzjeferbân safolle punten yn de earste seizoenshelte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)